Sybren Jansma 5e yn Winterberg

Sybren Jansma © Omrop Fryslân
Bobslydzer Sybren Jansma is mei syn maat Edwin van Calker sneon by wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Winterberg fiifde wurden yn de twamansbob. Sy kamen 0.58 sekonden letter oer de streek as de winners Thomas Florschütz en Kevin Kuske út Dútslân.
It is it bêste resultaat fan dit seizoen oant no ta fan Van Calker en Jansma. Yn de fjouwermansbob waarden Jansma en syn maten njoggende.