ONS ferliest fan nûmer lêst

02 feb 2013 - 17:00

ONS Boso Snits hat sneon mei 3-1 ferlern fan de nûmer lêst HZVV. Yn Hoogeveen kaam HZVV tsjin de ferwachtings yn op foarsprong, doe't Bieuwe Pruiksma hands makke yn de 16 meter. HZVV fersulvere de penalty en socht by in 1-0 stân de klaaikeamer op.

Nei rêst brocht trainer Jan Vlap Sandor van der Heide yn. De rûtinier spile dalik in haadrol by de lykmakker fan Arnold Herder. It eigen doelpunt fan Leo de Wagt wie lykwols de nekslach foar ONS. HZVV smiet de wedstriid definityf yn it slot mei de tredde treffer.

Troch it ferlies sakket de ploech fan trainer Jan Vlap nei it twadde plak yn de haadklasse C. Berkum nimt de kopposysje oer en giet no oan de lieding mei 26 punten út 14 wedstriden. ONS Boso Snits folget mei 25 punten út in wedstriid minder. Leo de Wagt spile syn 362e offisjele wedstriid foar de Snitsers. Mei dat tal stiet hy no lyk mei Wieger Sinnema.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)