Norofirus yn Oerterp

Yn fersoargingshuzen Bertilla yn Drachten en De Lijte yn Oerterp ha se op dit stuit lêst fan it saneamde norofirus. Yn Drachten is it al wer wat op syn retoer, mar binne noch hieltyd seis minsken siik.
Yn Oerterp is it firus freed ûntdutsen. Dêr binne op dit stuit fjouwer minsken siik. De beide fersoargingshuzen dogge der op dit stuit fan alles oan op it mêd fan hygiëne om it firus te bestriden.