Snein gjin sneltsjinst Flylân

02 feb 2013 - 16:01

Rederij Doeksen skrast sneintemoarn de sneltsjinsten fan en nei Flylân. De wiziging is neffens de rederij yn ferbân mei it minne waar dat ferwachte wurdt. It giet om de boat fan Skylge nei Flylân fan 9 oere, de tsjinst fan Flylân nei Harns fan healwei tsienen en de tsjinst werom nei Flylân fan in oere letter.

Doeksen fiert sneintemoarn om 7 oere en 9 oere wol in ekstra tsjinst mei de gewoane boat út. De tsjinsten nei Skylge wurde wol neffens skema útfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)