Bommen fleanbasis flot opromme

02 feb 2013 - 14:34

It opromjen fan seis bommen op it terrein fan de fleanbasis yn Ljouwert is sneon sûnder problemen ferrûn. Al om healwei twaen wie it wurk dien, wylst der yn earste ynstânsje rekken mei hâlden wie dat it pas oan de ein fan de middei safier wêze soe.

It gie om fjouwer bommen fan 500 pûn en twa fan 100. Mei-inoar 65 minsken fan 23 wenningen yn benammen it doarp Ingelum en omjouwing moasten tydlik harren hûs ferlitte. Al oan it begjin fan de middei krigen de minsken in sms'ke dat se wer werom koene en dat wie folle earder as ferwachte.

Neffens kommandant Peter Schilt fan de EOD is de romming fan de seis bommen tige goed ferrûn. Hy seit dat alle omstannichheden goed wiene en dat de romming sadwaande fluch gean koe. De bommen binne net ta ontploffing brocht, mar komme yn in opslach yn Den Helder.

Trefwurden: 
fleanbasis bommen EOD opromme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)