Schouten wint alt. Alvestêden

It peleton ûnderweis op de Weissensee yn Easternryk yn 2013 © ANP
De alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk is sneon in proai wurden foar Simon Schouten út Andijk. Nei 200 drege kilometers hie er in foarsprong fan rom in minút op de nûmer twa Frank Vreugdenhil. Jouke Hoogeveen, oarspronklik út Drylts, waard tredde. Durk Fabriek waard sechsde en Bart de Vries sânde.
By de froulju wie de winst foar Erna Last-Kijk in de Vegte út Genemuiden. Ald-Haulster Elma de Vries kaam krekt te koart yn de einsprint en waard twadde. Nasjonaal kampioene Mariska Huisman einige op hast 2 minuten as tredde.
De alternative Alvestêdetocht fan 2013 giet de boeken yn as in swiere tocht. Krekt foar de start om 07.30 oere begûn it te snijen, wêrtroch der yn in oere tiid sa'n tsien sentimeter snie op it iis lei. Fanwege de snie waard de wedstriid by de froulju mei fjouwer rûntsjes ynkoarte oant 150 kilometer.