Dronken autodief oanhâlden
Yn Ljouwert is sneontemiddei in man fan 42 út de stêd oanhâlden, omdat er mei drank op yn 'e auto siet. Dy auto wie boppedat de nachts dêrfoar stellen yn Hurdegaryp. Minsken hiene de plysje belle dat de man op de rotonde by de Lekkumerwei út koers rekke wie. Hy hie in lampepeal en twa auto's rekke. Hy wie ek in stik oer in fytspaad riden en hie doe hast trije fuotgongers oanriden. De man stapte úteinlik út en naaide doe út.
De plysje fûn him yn de Jan Evenhuisstrjitte en hat him meinaam nei it buro.
Op it plysjeburo wegere de man alle meiwurking. De plysje hat him dêrom ynsletten.