Plysje pakt ynbrekker (19) op

Ynbraak © ANP XTRA
De plysje hat in tredde fertochte oanholden yn ferbân mei de ynbraak oan de Seisbierrumerwei yn Frjentsjer in pear wike lyn. It giet om in ynwenner (19) fan Harns. De earste twa fertochten binne op de jûn fan de ynbraak al oanholden. Dy manlju waarden by sporthal De Trije yn Frjentsjer oantroffen mei in tas fol guod dat ôfkomstich wie fan in ynbraak yn Harns.
Ut ûndersyk die bliken dat de fertochte út Harns ek by dy ynbraak belutsen wie. De tredde fertochte is yntusken foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Hy bliuwt langer fêstsitten.