2 Riedsleden E'Stell út partij

02 feb 2013 - 13:36
  • Gemeente Eaststellingwerf

It bestjoer fan Eaststellingwerfs Belang hat it lidmaatskip fan twa fan syn riedsleden opsein. It giet om Yp van der Veen fan Appelskea en Fred Rademaker fan Waskemar. De twa kinne net langer foar Eaststellingwerfs Belang yn de ried sitte.

Wat de krekte reden foar it partijbestjoer is om Van der Veen en Rademaker har lidmaatskip te ûntnimmen wol foarsitter Ploeg net sizze. De belutsen riedsleden wiene sneon net berikber foar kommentaar. Eaststellingwerfs Belang is mei sân sitten de grutste partij yn de gemeenteried.

Mei it CDA en de VVD sit Eaststellingwerfs Belang yn it kolleezje fan b. en w. As de twa riedsleden sitten bliuwe, hâldt de koälysje in minimale mearderheid fan 11 fan de 21 sitten oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)