Audysje De Keet yn folle gong

02 feb 2013 - 12:45

In goeie 40 jongeren sitte sneon flink yn de senuwen. Sy dogge hjoed audysje foar de nije dramasearje De Keet, in gearwurking fan Omrop Fryslân en Tryater. Ein ferline jier die regisseur Mirjam de With in oprop foar jonge akteurs tusken de 15 en 25 jier en dêr hawwe mear as 400 jongeren op reagearre. In earste seleksje hat al plakfûn.

Sneon wurdt it echt belangryk, want dan moatte de jongeren echt sjen litte wat se kinne. De audysjes binne by it gebou fan Tryater oan de Eastersingel yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)