Nasjonale rugbydei ôflast

Rugbybal
De nasjonale rugby-bernedei dy't sneon by de Ljouwerter rugbyklup Greate Pier hâlden wurde soe, is ôflast. Op de fjilden fan de klup stiet tefolle reinwetter om it evenemint trochgean te litten. Doel wie dat hjoed goed 200 jonges en famkes fan klups út Noard-Nederlân yn Ljouwert wedstriden spylje soene. De lânlike rugbydei soe foar de earste kear yn Ljouwert hâlden wurde.
It bestjoer fan RC Greate Pier ferwachtet dat de rugbydei yn maart of yn april ynhelle wurde kin.