CDA wol Omrop oars finansiere

02 feb 2013 - 11:20

As minsken streekrjocht betelje moatte foar de publike omrop is dat guenstich foar de takomst fan Omrop Fryslân. Boppedat soarget sa'n systeem der foar dat de Omrop dan net mear sa ôfhinklik is fan de polityk. Dat tinkt Twadde Keamerlid Pieter Heerma fan it CDA.

Heerma is entûsjast oer it foarstel fan direkteur Slagter fan Omrop Max. Dy wol dat minsken sels kieze foar de publike omrop en dêr ek streekrjocht foar betelje. Heerma wie freed op wurkbesite by Omrop Fryslân.

Heerma is ek de man dy't koartlyn in moasje yntsjinne yn de Twadde Keamer ta stipe fan Omrop Fryslân as Frysktalige publike omrop. Dy moasje waard doe hast keamerbreed oannommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)