Flyers wint by koprinner

01 feb 2013 - 22:25

UNIS Flyers hat freedtejûn mei 4-3 wûn by koprinner HYS Den Haach. Gerald Pollastrone sette de Feanster iishockeyers binnen de minút op foarsprong. Opnij Pollastrona en Jeffrey Martens soargen foar in 3-0 foarsprong. Brandon Campos makke dêrnei foar de thúsploech de earste treffer. Yn de twadde perioade waard it 3-3, mar Trevor Hunt soarge dochs wer foar in Flyers foarsprong. Yn de lêste perioade foelen der gjin goals mear.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)