Earste útwinst SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat troch de 1-0 winst op RKC Waalwyk de earste útoerwinning te pakken. Maklik gong it net mei de ploech fan Van Basten. De earste helte wie fan beide kanten rommelich mei de bêste kânsen foar RKC. Yn de 49 minút krige oanfierder Ramon Zomer in reade kaart omdat hy Mart Lieder oantikke. Dêrnei krige RKC in pear bêste kânsen, mar in prima keeper Nordfeldt hold de Feansters yn de wedstriid. In briljante aksje fan Filip Djuricic smiet in penalty op. Keeper Zoet krige read en Djuricic prikte yn de 85e minút raak.
By SC Hearrenfean stie de nije oankeap Joey van den Berg yn de basis. Yassine El Ghanassy, de twadde fersterking dy't dizze wike helle waard, mocht yn blessueretiid it fjild yn foar Filip Djuricic. Djuricic wie yn de earste helte de gefaarlikste Hearrenfean-oanfaller. Topskutter Alfred Finnbogason waard troch Marco van Basten nei in lyts oere nei de kant helle.