Sluting min foar transport

01 feb 2013 - 21:25

It ferdwinen fan Halbertsma Pallets út Grou hat net allinnich gefolgen foar it bedriuw sels. It nijs dat de Grouster fêstiging slút, wie freed ek in skok foar de minsken by transportbedriuw Althuisius Logistics yn datselde Grou. Althuisius is ûnderdiel fan de Kooiker groep dy't al hiel lang it transport fersoarget fan pallets en kisten foar Halbertsma.

Hoe grut de gefolgen krekt wêze sille, is no noch dreech yn te skatten. Mar direkteur Sije van der Meulen neamt de gefolgen oansjenlik.

Trefwurden: 
Halbertsma pallets Althuisius
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)