Kleikoar yn Ljouwert

01 feb 2013 - 21:04

Op fiif plakken yn Ljouwert hat freedtemiddei in optreden west fan it saneamde kleikoar. Ynwenners fan de stêd koene ein desimber al har argewaasjes kwyt en mei help fan in dirigint is fan al dy klachten in tekst en in liet makke.

It idee komt fan twa Finske keunstners. Eins giet it net iens sa bot om de klachten, of it sjongen. It giet benammen om de gesellichheid. Mar dochs is it Finske idee ynternasjonaal al 70 kear oppakt. Mei-inoar tritich sjongers melden har oan. Yn it liet dat se songen binne talleaze klachten ferwurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)