Minder bedriuwsgrûn ferkocht

18 des 2011 - 12:34

Smellingerlân hat it ôfrûne jier folle minder bedriuwsgrûn ferkocht as yn it foar rûsd. Smellingerlân hie hope 9 bunder te ferkeapjen, mar is útkaam op 7 hektare. Yn 'e ôfrûne jierren wie 10 oant 12 bunder noch hiel gewoan. Sa waard in pear jier lyn transportbedriuw Koopman út it Grinslanner Noordhorn noch binnenhelle. Dat bedriuw hat de ferhuzing troch de fermindere ekonomy lykwols útsteld. Neffens wethâlder Zweers is der noch gjin ferhúsdatum bekend. De nedige bedriuwsgrûn is wol gewoan oankocht. It risiko fan it útstel leit dêrom by Koopman, sa seit de wethâlder.

By transportbedriuw Koopman wurkje 600 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)