Zeldenrust yn Dokkum mealt wer

01 feb 2013 - 16:47

Nei de restauraasje fan de byldbepalende mûne Zeldenrust yn Dokkum is freed it meallen wer foar it earst úteinset. De mûne kin weet, mar ek mostersied ferwurkje. De behearders wolle der streekprodukten. lykas pankoeken fan meitsje.

De achtkante stelling-, koarn- en pelmûne Zeldenrust fiert dit jier syn 150-jierrich bestean. Yn 2011 is begûn mei de needsaaklike restauraasje, dy't no klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)