Schoonenberg net út Fryslân

01 feb 2013 - 16:26

Fryslân wurdt net bot rekke troch de reorganisaasje by Winkelketen 'Schoonenberg hoortoestellen'. Dat bedriuw slút lanlik 9 fan de 220 winkels. Ek ferlieze sa'n 50 oant 65 minsken har baan. Yn Fryslân hat Schoonenberg sa'n 10 winkels. Dêr hoecht net ien fan ticht. Ek it baneferlies is net grut. Twa wurkplakken gean ferlern. It personiel fan Schoonenberg yn Fryslân is woansdei yn Snits fan de maatregels op 'e hichte brocht. De grutste klappen falle yn it suden fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)