Fertochte moard Heijltjes frij

01 feb 2013 - 16:13
  • Marijke Heijltjes

De fertochte fan de moard op de 67-jierrige Marijke Heijltjes fan Easterwâlde is freed frijlitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. De 38-jierrige fertochte hat twa moannen yn folsleine beheining yn foararrest sitten. Neffens syn advokaat is it bewiis tsjin de man te meager. De man, dy't gjin fêst wen- of ferbliuwsplak hat, bliuwt wol fertochte yn de saak. It ûndersyk giet ek gewoan fierder. Frou Heijltjes waard yn septimber ferline jier dea fûn yn har hûs, de fertochte waard in pear moannen letter oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)