Nije organisaasje KH2018

01 feb 2013 - 14:52

De Stichting Kulturele Haadstêd 2018 yn Ljouwert hat in nije organisaasje. It stiftingsbestjoer is nei trije jier opstapt en Oeds Westerhof is oanlutsen as direkteur-bestjoerder. Der is no ek in ried fan tafersjoch. Dêrfan is Paul Visschedijk, direkteur fan CSK yn Ljouwert, foarsitter. As foarsitter fan de ried fan advys is Siem Jansen beneamd, hy wie foarsitter fan de stifting Kulturele Haadstêd. Op dit stuit wurdt wurke oan in bidbook, dat ein juny ynlevere wurde moat.

Begjin septimber wurdt dan dúdlik oft Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa yn 2018 wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)