Klanten bliid mei rêding SNS

01 feb 2013 - 12:22
  • SNS-bank Drachten

De Fryske klanten fan de SNS Bank hawwe freed mei ferromming reagearre op de rêding fan de bank troch de oerheid. De steat stekt der 3,7 miljard euro yn. Neffens minister Dijsselbloem fan finânsjes soe de bank oars fallyt gien wêze. De lêste dagen waarden troch klanten enoarme bedraggen fan de bank helle, soms wol 1 miljard op in dei.

De SNS Bank hat yn Fryslân trije kantoaren: yn Snits, It Hearrenfean en Drachten. Fierder binne der 19 filialen fan de Regiobank, dat is in dochterûndernimming fan SNS.

De lêste wiken hawwe de regiobanken in soad fragen krigen oer de problemen by SNS. Foarearst feroaret der net in soad foar de klanten, seit in wurdfierder. De filiaalhâlders binne foaral bliid dat der no dúdlikheid is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)