'Gjin ôftreden biskoppen'

Biskop Gerard de Korte fan it bisdom Ljouwert-Grins tinkt net dat slachtoffers fan misbrûk sitte te wachtsjen op it ôftreden fan de sittende bisskoppen. Dat sei De Korte sneon yn radioprogramma Kruispunt nei oanlieding fan útspraken fan fise-premier Maxime Verhagen. Dy fynt dat de biskoppen har beriede moatte op har posysje nei it ferskinen fan it rapport fan de kommisje Deetman.
De Korte is út namme fan de biskoppen wurdfierder wat it seksueel misbrûk oangiet. Hy neamt it grutte tal bern dat mooglik misbrûkt is in dramatysk sifer, dat stil makket.