Hurdrider rydbewiis kwyt

Plysje-embleem © ANP
In 27-jierrige man út Harns is tongersdei syn rydbewiis kwytrekke fanwege gefaarlik rydgedrach. De man ried hiel hurd by it plysjeburo oan de Kimswerterwei del. Dat waard sjoen troch meardere plysjes. Koart dêrnei hearden se it lûd fan in botsing. It die bliken dat de Harnzer op de krusing fan de Kimswerterwei mei de Koningin Julianastrjitte tsjin in bestelbus oanbotst wie. Dêr rekke net ien by ferwûne. De fertochte moast syn rydbewiis ynleverje en hy krige in proses-ferbaal.