Mienings museumbestel ferdield

De mieningen yn Fryslân oer in nij museumbestel binne ferdield. De Raad van de Cultuur trunet oan op in Museumwet, sadat musea ferplichte wurde kolleksjes op it ynternet te setten en tagonliker te meitsjen foar oare musea. Fierder soe folle mear gearwurke wurde moatte tusken de musea en mei bygelyks ûnderwiis en histoaryske ynstellings. Museumkonsulint Mirjam Pragt praat foar alle Fryske musea en is it iens mei de Raad van de Cultuur, mar direkteur Hugo ter Avest, fan museum it Hannemahûs, sjocht der hiel oars tsjinoan.
Hy is tefreden mei hoe't it no giet en sjocht neat yn in wet dy't alles fan boppen ôf regelet.