Lytse Tsjerkstrjitte wint

01 feb 2013 - 10:01

De Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert is opnij keazen ta leukste winkelstrjitte fan Nederlân. Dat is freed 10.00 by it sluten fan de stimming bekend wurden. De Ljouwerter winkelstrjitte wûn it fan de Raadhuisstraat en Binnenweg yn Heemstede. It ferskil wie goed fjouwerhûndertfyftich stimmen.

De Lytse Tsjerkstrjitte wie yn 2010 ek al de leukste winkelstrjitte fan Nederlân, ferline jier einige de winkelstrjitte op it twadde plak. De ferkiezing wurdt organisearre troch NL-streets.

Dy stribbet dernei dat stêden in sa fariearre mooglik winkeloanbod hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)