Tolve bekeurings yn Feanwâlden

Snelheidskontrôle © Omrop Fryslân
By in kontrôle op de Stasjonswei yn Feanwâlden hat de plysje tongersdeitemoarn tolve minsken in bekeuring jûn. Der waarden 61 auto's kontrolearre. Minsken krigen ûnder oare in bon foar te glêde bannen, in rydbewiis dat ferrûn wie, of omdat se de riem net om hiene. Yn ien fan de auto's waarden twa messen fûn. Dy binne yn beslach naam.