Spanning Lytse Tsjerkstrjitte

Undernimmers yn de Lytse Tsjerstrjitte yn Ljouwert hearre freed oft har strjitte opnij de leukste winkelstrjitte fan Nederlân wurdt. Se dogge foar de tredde kear mei oan de ferkiezing, dy't organisearre wurdt troch NL-streets. Dy organisaasje stribbet der nei dat stêden in sa farieard mooglik winkeloanbod hâlde.
Trije jier lyn wûn de Lytse Tsjerkstrjitte de wedstryd alris. Om tsien oere freed wurdt de útslach bekendmakke.