Wa wurdt Pluk út de Petteflet?

01 feb 2013 - 07:31

De Fryske Miljeufederaasje siket minsken dy't har op in bysûndere wize ynsette foar it behâld fan natuer en miljeu. Se stride dan mei om de Pluk van de Petteflet natuerpriis. Dêrmei wurdt ferwiisd nei it jonkje Pluk út it bekende boek fan Annie M.G. Schmidt. Pluk soarget der mei syn freonen foar dat in parkje by de Petteflet, dêr't se wenje, net plat buldozere wurdt, om der parkearplakken oan te lizzen. Mei de wedstryd binne in jildbedrach en in byldsje fan Pluk van de Petteflet te winnen. De Fryske winner giet troch nei in lanlike finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)