Fytser ferwûne by oanriding

In 14-jierrige fytser út Nijhoarne is tongersdei slim ferwûne rekke nei in oanriding op de Mounleane yn Oerterp. De jongen kaam troch ûnbekende oorsaak yn botsing mei in auto. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten, mar is letter mei de traumahelikopter oerbrocht nei Amsterdam.
De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.