Skriuwers krystferhalen socht

18 des 2011 - 11:45

Der is driuwend ferlet fan Fryske krystferhalen foar bern. Ut it ûnderwiis en oare fermiddens wurdt dêr geregeld om frege. Der binne wol krystferhaleboeken, lykas "De fersierde krystbeam" en it "Tomke Winterboek", mar dy binne al jierren âld. In projektgroep mei minsken fan It Fryske Boek en it Skriuwersboun wol dêrom takom jier mei in nije bondel krystferhalen komme. Dêr wurde no al skriuwers foar socht. De projektgroep hopet ek subsydzje te krijen foar de ferhalebondel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)