Jirpelroaiers moatte feiliger

31 jan 2013 - 17:00

Jirpelroaiers moatte folle feiliger makke wurde. Sa kinne in soad ûngemakken tefoaren kommen wurde. It LEAN-projekt dat opset is mei it doel de feiligens op it fjild te ferbetterjen komt mei 15 oanbefellings foar ûnder oare ikkerbouwers. Dy binne allegear op frijwillige basis. It giet dan ûnder oare om it ferbetterjen fan de ferljochting op oanhingers. Fierder kinne der bettere ôfspraken makke wurde oer it skjin hâlden fan diken by de rispinge. Ek soe in slipkursus in ferplicht ûnderdiel wurde moatte fan it trekkersertifikaat.

De útstellen wurde no útwurke en sille dan fierder bepraat wurde mei alle oanbelangjende partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)