Oare funksje bite-opslachplak

Kampeare of efkes mei de fyts oanstekke op in bite-opslachplak. Yn Dongeradiel moat dat ynkoarten kinne. De gemeente wol trije fan dy bite-opslachplakken in oare bestimming jaan. Der wurdt no te faak ôffal dumpt op 'e plakken, bygelyks hynste- en geitestront. Dat komt omdat der net safolle biten mear lizze. Der bliuwe noch 18 bite-opslachplakken yn 'e gemeente oer.