Alim Öztürk nei Trabzonspor

31 jan 2013 - 16:47

Cambuur ferdigener Alim Öztürk giet per direkt nei it Turkse Trabzonspor. De 20-jierrige Öztürk hat in kontrakt tekene foar 3 en in heal jier. Öztürk makke yn Turkije yndruk tidens in trainingsstaazje mei it nasjonale alvetal ûnder 21 jier.

Ferline seizoen kaam Öztürk op amateurbasis oer fan de jeugd fan FC Grins. Dit jier hie hy geregeld in basisplak by SC Cambuur.

Trabzonspor stiet op dit stuit op it alfde plak yn de Turkse Süper Liga. Neffens algemien direkteur Gerald van den Belt hat Cambuur in "redelijk bedrag" krigen. It giet om in bedrach fan 125.000 Euro

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)