Undersyk oplichting boubedriuw

31 jan 2013 - 14:21

De plysje Noard-Nederlân docht ûndersyk nei oplichting troch in boubedriuw yn Emmen. Dat soe ynwenners fan Fryslân, Grinslân, Drinte en mooglik ek Oerisel keunststofkezinen ferkocht ha, mar dy noait levere ha wylst de keapers der wol foar betellen. Neffens de plysje soe it gean om oplichting foar hûnderttûzenen euro's. De plysje hat yntusken kontakt hân mei in tal minsken dat beneidiele is troch it bedriuw, foar har is ek in byienkomst belein. In tal fan de dupearren hat yntusken oanjefte dien.

Minsken dy't ek beneidiele binne, wurdt frege har te melden by de plysje.

Trefwurden: 
boubedriuw oplichting Emmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)