Amelân skoot iis fan feardaam

iisgong Amelân © Jan Spoelstra
De gemeente It Amelân hat woansdeitenacht en -moarn mei grut materieel iis fuortskood dat fan see ôf de feardaam opkaam. Troch de kombinaasje fan swiere iisgong op see, hurde wyn en springtij kaam it iis omheech. De stekken op de feardaam drigen ûnder it iis te beswiken, dêrom giene meiwurkers fan de gemeente mei in shovel en in trekker oan de gong om it iis fan de feardaam ôf te krijen. It is útsûnderlik dat de gemeente maatregels nimme moat tsjin iis dat by de wâl op komt, omdat it net faak springtij is mei hurde wyn en iis op see.