Keukenblok stellen Bûtenpost
Ut in leechsteand hûs oan de Oost yn Bûtenpost is in keukenblok stellen. Dat moat tusken 18 en 30 jannewaris bard wêze. Ut in seekontener dy't op it hiem fan it leechsteande hûs stie, is ek guod stellen. Dêr waard ûnder mear in brommer úthelle. In 42-jierrige ynwenner fan Bûtenpost die oanjefte.