Mear leden Fryske Gea

18 des 2011 - 09:52

It Fryske Gea en de alve kollega-lânskipsorganisaasjes hawwe dit jier meielkoar mear as 8.000 nije leden krigen. Dat docht bliken út in oersjoch fan it Vara-radioprogramma Vroege Vogels. It Gea en de oare lânskipsorganisaasjes skoare dêrmei better as oare natuerklups. Dy ha oer it generaal leden ferlern. Foaral Natuurmonumenten en Greenpeace seagen it ledetal weromrinnen. Njonken de tolve lânskipsorganisaasjes hat ek it Wereld Natuur Fonds mear leden as in jier lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)