Romjen bommen kin trochgean

31 jan 2013 - 10:09
  • Gebiet ûntromming bom

De ûntmanteling fan de bommen by de fleanbasis kin sneon gewoan trochgean. Nei oerlis mei de gemeente is der oerienstimming berikt mei omwenners en sizze dy ta dat se harren huzen ferlitte sille. Tal fan omwenners út Ingelum en Bitgummole woene har hûs net ferlitte. 23 húshâldens krije in kadobon foar in dei fuort en bedriuwen kinne har skea by de gemeente oanjaan. Se fine it hinderlik dat se geregeld it hûs út moatte.

De boargemaster sil definsje no freegje in grutter terrein te ûndersykjen op de oanwêzichheid fan bommen en freegje de wurksumheden sa te plannen dat minksen net te faak it hûs út hoege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)