Wapene oerfal yn fytstunnel

30 jan 2013 - 22:05

In 25-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn yn de fytstunnel by it Kealledykje yn syn wenplak mei geweld oerfallen. Trije manlju mei bivakmûtsen holden de man oan en bedrigen him mei in fjoerwapen of wat dat dêr op like. Se woene jild fan de man, mar dy wist yn in wrakseling fan de oerfallers ôf te kommen.

It slagge him wol ien fan de oerfallers de mûtse fan de holle te lûken. De trije naaiden sûnder bút út yn de rjochting fan it tankstasjon. De plysje hat noch in burgernet-sykaksje opset, mar kaam de oerfallers net mear op it spoar.

De plysje siket tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)