Subsydzje foar doarpshuzen

Dongeradiel lûkt mear as 100.000 euro út om seis doarpshuzen yn de gemeente brânfeilich te meitsjen. By de begrutting foar 2011 wie besletten om gjin jild mear te jaan foar grut technysk ûnderhâld. Allinnich by hege útsûndering wol de gemeente fan dat beslút ôfwike. Dongeradiel fynt dat dat no it gefal is, omdat it giet om brânfeilichheidseasken dy't de wenningwet oan de doarpshuzen stelt. Dat se net oan dy easken foldogge, waard yn de rin fan dit jier dúdlik. It giet om de doarpshûzen fan Ie, Wierum, Brantgum en Easternijtsjerk.