Capilix ferlit Ljouwert

30 jan 2013 - 20:38

Wettertechnologybedriuw Capilix ferlit Ljouwert. It bedriuw ferhuzet nei It Hearrenfean om't it dêr flink groeie kin. Mei de fynst fan in nije technyk en de oername troch in bûtenlânsk bedriuw kinne se yn de kommende jierren fan 7 nei 50 wurknimmers groeie. Yn Ljouwert. is gjin romte foar hannen en dus wykt it bedriuw út nei It Hearrenfean. Neffens D66 Ljouwert is dat soarchlik. Ljouwert set yn op it binnenheljen fan bedriuwen yn de wettertechnology, mar kin dy net hâlde as se groeie wolle.

De partij hat dêrom skriftlike fragen steld oan wethâlder Deinum. Se wolle witte oft de gemeente der wol alles oan dien hat om Capilix te behâlden. Neffens wethâlder Deinum is dat it gefal, mar wie der op dit stuit gewoan gjin geskikte romte yn Ljouwert.

Trefwurden: 
wettertechnology Capilix
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)