It ljocht oan yn Frjentsjer

30 jan 2013 - 19:42

Alle ynwenners fan Frjentsjerteradiel krije dizze wike in brief fan de gemeente mei tips om ynbraak foar te kommen. Boppedat dielt de gemeente 1000 tiidskeakelers út. Want neffens de gemeente is it ljocht oan noch de bêste metoade om ynbrekkers bûten de doar te hâlden.

Frjentsjerteradiel komt mei de maatregels om't der hieltyd faker ynbrutsen wurdt. Yn in pear jier tiid is it tal ynbraken ferdûbele. Earder waard ek yn de gemeente Harns al in brief mei tips troch de doar dien. Oft dêrtroch it tal ynbraken dêr ôfnaam is, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)