Ineke van Gent nei NS

30 jan 2013 - 18:16

Ald-keamerlid Ineke van Gent wurdt per 15 febrewaris regiodirekteur noardeast fan de NS. Van Gent wurdt yn de provinsjes Fryslân, Drinte, Grinslân, Oerisel en Gelderlân it oansprekpunt foar kommersjele oangelegenheden. Se sil kontakt ûnderhâlde mei provinsjes, gemeenten en konsuminte-organisaasjes lykas Rover.

Van Gent wie tusken 1998 en 2012 keamerlid foar GrienLinks en hie doe iepenbier ferfier yn har portefeuille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)