El Ghanassy nei SC Hearrenfean

30 jan 2013 - 17:08

SC Hearrenfean hat Yassine El Ghanassy oanlutsen. De Belgyske oanfaller wurdt foar in healjier hierd fan West Bromwich Albion. Ferline simmer is El Ghanassy fan AA Gent nei Ingelân ferhuze. Hy spile oant no ta trije wedstriden foar de Ingelske klup en makke dêryn ien goal. Ferline jier spile hy 37 wedstriden foar AA Gent en skoarde sân kear.

Arsenio Valpoort en Samir Fazli wurde trch Hearrenfean ferhierd. Valpoort giet nei PEC Zwolle, Fazli nei Helmond Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)