Joey v/d Berg by Hearrenfean

30 jan 2013 - 16:43

Fuotballer Joey van den Berg (26) krijt op 'e nij in kâns by Sportklup Hearrenfean. Mear as seis jier lyn is er by de jeugd fuortstjoerd om't er kannabis brûkt hie. Dêrnei sakke de spiler ôf nei it amateurfuotbal. By PEC Zwolle gie er yn 2010 op foar syn lêste kâns as proffuotballer. Dat slagge. Van den Berg wie de ôfrûne moannen oanfierder fan PEC. Sneon spile er noch tsjin Hearrenfean. Joey van den Berg hat in kontrakt oant 2016 by Sportklup Hearrenfean tekene en sil as middenfjilder spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)