Spannend oft opkomst genôch is

30 jan 2013 - 16:27

It bliuwt spannend oft it referindum oer de takomst fan Ljouwerteradiel jildich wurdt. Ynwenners fan de gemeente meie oanjaan oft se foar in fúzje mei Ljouwert binne of dat se by Harns, Menameradiel, it Bilt en Frjentsjerteradiel moatte. De gemeenteried hat earder besluten dat foar in jildich referindum 60 persint fan de kiezers syn stim útbringe moat. De prognoaze is dat it om de 50 prosint hinne útkomt. Se kinne oant 21.00 oere stimme en de útslach wurdt in oere letter ferwachte. Om 17.00 oere wie de opkomst om de 40 persint hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)