'Wetterskip net by provinsje'

30 jan 2013 - 15:41

In mearderheid fan de steaten wol net it Wetterskip ûnderbringe by de provinsje. De PvdA fynt it no allinnich net it goede momint om it plan fan de SP troch te setten. Dat waard dúdlik by de behanneling fan in moasje fan de SP yn de kommisje. De steaten fine dat de provinsje de taken fan it Wetterskip like goed útfiere kin. Sa soe in soad jild besparre wurde kinne. It kabinet hat ek plannen om de wetterskippen op te heffen. Fryslân soe dan lanlik as proeftún tsjinje kinne. It kolleezje fan deputearre steaten fynt in fúzje no neat oan de oarder.

Neffens deputearre Tineke Schokker wurdt dan it sinjaal ôfjûn dat de provinsje ek wol ûnderbrocht wurde kin yn in noardlik lânsdiel. Neffens Schokker kin der noch folle mear winst helle wurde út de gearwurking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)