Juwelier Bits yn Dokkum fallyt

30 jan 2013 - 15:02

Juwelier Laurens Bits yn Dokkum is fallyt ferklearre. It bedriuw hat in skuld fan hast fiif ton, trochdat der hieltyd minder klanten kamen. By it bedriuw wurkje twa minsken. Dy sitte sûnt woansdei thús omdat de winkel ticht is.

De kurator siket noch in oplossing foar minsken dy't guod by de juwerlier ôfjûn hawwe foar reparaasje. Ek wurdt sjoen oft der belangstelling is foar in trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)