Ferwûne by botsingen

30 jan 2013 - 14:56
  • Ungelok Grinzerstrjitwei

In automobiliste (20) út Feanwâlden is woansdeitemoarn by Noardburgum ferwûne rekke. Se seach te let dat in frachtwein foar har stoppe en botste derop.

By in oanriding op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert rekke woansdei in Ljouwerter (48) automobiliste ferwûne. Se woe twa bussen ynhelje mar hei gjin rekken hâlden mei tsjinlizzers. Se botste op in Ljouwerter (46). Dy kaam mei de skrik frij. De frou is út foarsoarch mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)